- 3 - 12. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar ferskate bestimmingsplannen. 86/136 0399 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear van der Ende, wethalder van Rijn en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 16Utstel oangeande de begrutting 1987 fan de Stifting Kabel Televysje Ljouwert. 86/138 0476 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, van der Ende, Jansma, Faber en de foarsitter. De hearen Teitsma, Jansma en Faber steune it utstel fan it kolleezje. De hear van der Ende stelt ut it taryf al mei yngong van 1-1—87 kosten- dekkend te meitsjen. Dit utstel wurdt yn stimming brocht. Ailinné de hearen Boersma en van der Ende stimme foar. De oare leden binne tsjin, sadat it utstel mei 11-2 stimmen fersmiten is. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten mei de oantekening dat de WD—fraksje achte wurdt tsjin stimc. te hawwen 17. Utstel oangeande it ynstellen fan in parkearferbod foar de Lege Hearewei te Stiens. 86/139 1059 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ladenius en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. De foarsitter ûnderbrekt om 18.20 oere de gearkomste en iepent op'e ny om 19.30 oere. 13. Utstel om oer te gean ta fêststelling fan: a. de begrutting 1987 foar it gemeentlik grûnbedriuw; b. de begrutting 1987 fan de tsiinst sportsaken, c. de gemeentebegrutting 1987. - Algemiene skôgingen. Wurde allinne hâlden troch de hear Faber fan de FNP. Sjoch taheakke. Op dizze skôgingen wurdt reagearre troch de hearen Jansma, Teitsma en de foarsitter. - Antwurden fan boargemaster en wethâlders op troch de riedsfraksjes stelde fragen oer de gemeentebegrutting 1987. Oer de fragen 1, 2 en 3 fan it CDA wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Faber en de foarsitter.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 5