Fraach 4 fan it CDA: de hearen Jansma, Faber, Eisenga, de foarsitter en wethâlder Visser. Tasein wurdt troch it kolleezje foar safier mooglik oer de foarutgong meidieling te dwaan fia de kommisje Algemiene Saken. Fraach 3 fan de P.v.d.A.mefrou Visser en de foarsitter. Fraach 4 fan de P.v.d.A.: de hear Teitsma en wethâlder van Rijn. Fraach 5.1 en 6.1 fan de P.v.d.A.: mefrou Visser en wethâlder Visser. Fraach 6.2 fan de P.v.d.A.: mefrou Glas en de foarsitter. Tasein wurdt de earstkommende riedsgearkomste in utstel te dwaan. Fraach 2.2 fan de P.v.d.A.: mefrou Glas en wethâlder van Rijn. Mefrou Glas freget: 0 wat doet u met de notitie van de welzijnscommissie 0 wat wordt verstaan onder ambtelijke voorbereiding 0 wanneer komt u met een nota. Wethâlder van Rijn kin gjin tasizzingen dwaan. Dizze saak moat ôfwoegen wurde tsjin oare prioriteiten. Hy ferwachtet yn de rin fan dit jier in ambtlike notysje mei in stânpunt fan it kolleezje. Fraach 8 fan it CDA: de hearen Ketellapper, Eisenga en de foarsitter. Fraach 9 en 10 fan it CDA en 7.1 fan de P.v.d.A.: de hear Roorda en wethâlder Visser Fraach 8.3 fan de P.v.d.A.: de hear Teitsma en de foarsitter. Fraach 1, 9.1 en 9.2 fan de P.v.d.A.: de hear Eisenga en de foarsitter. De begrutting 1987 foar it gemeentlik grûnbedriuw, de tsjint sportsaken en de list fan subsydzjes wurde sûnder diskusje en haadlike stimming ûnferoare fêststeld. De gemeentebegrutting 1987. De hear Roorda seit oer de "Vrijwilligers Werk Centrale" (side 33 beliedsstik)dat as it kolleezje net de yntinsje hat de VWC allinne mar te hifkjen oan it tal fan de soarte wurkleazen dy't neamt is, de beswieren fan syn fraksje ferfalle. Ds foarsitter seit dat wethâlder Visser foar it kolleezje spruts. De hearen van der Ende en Faber kinne net ynstimme mei it bedra.ch fan f 1.250,foar Gntwikkelingsgearwurking De hear Faber merkt op, dat de lokale omrop opfiert is, sûnder dat de ried in beslut nommen hat. De foarsitter stelt fêst, dat de hear Faber formeel gelyk hat. It kolleezje sil dizze post werom boeke en komt mei in neier utstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 6