Foarsitter, oanwêzichen, H jir stean ik dan wer, as F.N.P-er, en ek noch wol yn in utsûnderingsposys je No is dat op him sels net sa frjemd, dat binne jim wol went, wy binne dan ek in partij mei in oare ynslach, oars as jim allegearre. Wat us wol fernuvere,is dat wy de ienichste fraksje binne.dy^t ferlet hat om algemiene skôgingen te hâlden, te mear om t yn t earst aile fraksjelieders de hân omheech stieken, m.o.w. har ek oantsjÊnann. Hawar, jim hawwe om wat foar reden dan ek, ôfheakke. No, wy net. Jim meie it wol witte, wy binne bliid dat nimmen us de kâns ûntnimme kin fan dizze gelegenheid gebrûk te meitsjen, benammen ek om't wy faak de yndruk krije as lytse fraksje, yn de riedsgearkomsten, troch de parse oer de kop sjoen te wurden. De ferkiezingsstriid wie efter de rêch en wy kamen wer mei twa sitten foar't ljocht. It wie kile-kile, mar dat is it rjocht fan de kiezers. Hawar twa sitten dus. It foarstel om de beide wethalders fan PvdA en C.D.A op e nei te beneamen krige syn beslach. Mei de C.D.A—wethalder binne wy, polityk besjoen, net sa gelokkich. Sjoen syn hâlden en dragen skatte wy him yn as lofts, m.o.w. Ljouwerteradiel hat neffens us ynsjoch twa lofts ynstelde wethalders, mar mei dy koklusje moat C.D.A-fraksje har dan mar mei rêdeNee, dan komt de PvdA-wethâlder by us gâns dudliker en simpatiker oer. Ferdieling_kkmmisjes Us utgongspunt??D®crjochte man/frou op it rjochte plak. De politike ynstelling fan de leden lit us kâld, krekt allyk sa it tal manlju of froulju yn de ried. It giet us om de kennis fan saken fan de kommisjeleden en nearne oars om. Mar o dy deale, wat binne wy op'e kofje kommen Doe't it om de sportkommisje gyng stelde PvdA-riedslid Teitsma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7