Agindapunt: 14 Utstelnr. 87/13 UnderwurpStiens, 21 jannewaris 1987 Bondeljen c.q. integraasje neie mienskiplike regeling foar de nei foarme regio wer't dizze gemeente yn fait. Oan: de gemeenterie Troch it "Intergemeentlijk Samenwerkingsverband in het Noorden van Friesland" binne utstellen dien om te kommen ta in neie opset fan de koartlyn troch de provinsse fêststelde régionale yndieling fan gemeenten yn it noarden fan Fryslân. Dizze utstellen dy't gearfette binne yn in ûntwerp-mienskiplike regeling, lizze by de stikken op besjen. Ek op besjen leit in ferslach fan de fergadering fan de Regio Friesland-Noord, weryn dizze saak oan de oarder west hat. Wy kinne us aardich lykfine mei dit ûntwerp. Wol binne der by us betinkingen oer de grutte fan de yn te stellen regioried. Faaks soe per gemeente mei ien lid minder folstien wurde kinne. Ek set- te wy fraachtekens by de pariteit gearstalling fan it bestjoer en de weromkeppeling nei de gemeentebestjoeren. Wy binne fan betinken, dat wol eltse gemeente yn it deistich bestjoer fertsjinwurdige wêze moat. By need moat ta splitsing fan portefeuilles oergien wurde. Wy stelle ut it gearwurkingsferbân neffens it boppesteande te berjochtsjen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.P.v.d.KOOI. H.BOSCHMA.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 115