Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 18 desimber 1986, 19.30 oere. Oanwêzich: mefrou G.Visser, de hearen J.Teitsma, J.Eisenga, D.Faber, S.Ladenius, J.van der Ende, H.A.J.Boersma, E.Roorda, S.Jansma, R.A.Ketellapper en de wethâlders J.G.van Rijn en W.Visser. Foarsitter: de hear H.Boschma Siktaris de hear J.P.van der Kooi Mei kundskip ôfwêzich: mefrou M.Glas. Bân II - 0000 m. -o-o-o-o-o-o-o-o- 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 novimber 1986. Mefrou Visser merkt op oer side 4, yn't midden: bedoeld is dat wethouder Van Rijn geen toezegging kon doen over de hoogte van het budget. De beslutelist wurdt fjirder Onferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 86/140 Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. De hear Faber freget of by dit punt yngien wurde mei op de adver- tinsje foar in neie gemeentesiktaris De foarsitter jout tastimming. De hear Faber sprekt syn fernuvering ut oer it feit, dat de adver- tinsje yn de beide provinsjale blêden net yn it Frysk steld is en dit net as funksje-eask opnommen is. De hear Teitsma seit oan te nimmen dat de ried hjir neidertiid noch wolris oer prate kin. De foarsitter seit dat hjir domwei sprake is fan in amtlike fout. Dit hat mei polityk neat te meitsjen. De hear Faber seit tefreden te wêzen mei dit antwurd. 3Utstel oangeande it op'e nei besjen fan de model-oardering fan de organisaasje fan de frijwillige brânwacht Ljouwerteradiel 86/141 0264 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Eisenga en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 5