- 3 - 9. Utstel oangeande it fêststellen fan it uterste kredyt yn rinnende rekken mei de Bank van l\iederlandse Gemeenten te s-Gravenhage foar it jier 1967. 86/147 0957 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 10. Utstel om foar 1987 de rekken-kourant-oerienkomst mei de Amro-bank Ljeuwert (kantoar Stiens) langer oan te gean. 86/148 0962 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 11Utstel oangeande it op'e nei finansierjen fan klimlienings fan de Wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel. 86/149 0967 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Faber, Jansma en de foarsitter. 0e hear Teitsma hat de neikommende fragen: mei hokker bedragen is it exploitaasjerisseltaat ferbettere nei de eardere ôflossing op 31-10-1985; wêr binne de frijkommen middels foar brûkt; wêr sille de middels dy't no frij komme foar brûkt wurde (bygelyks ûnderhâld of renovaasje); rint de gemeente gjin risiko foar it Ljouwerter dielj wat is it wjerstânsfermogen fan it diel fan Ljouwerteradiel De hearen Jansma en Faber ha soartgelikense fragen. De foarsitter set utien wat de gong fan saken en it belied fan it stiftingsbestjoer is. Hy is ree yn in kommisje fertroulike cifers op tafel te lizzen. De hear Teitsma freget in ûnderbrekking Nei it op'e nij iepenjen seit de hear Teitsma dat syn fraksje yn prinsipe akkoart giet mei it utstel. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 12Utstel oangeande it machtigjen fan it kolleezje fan boargemaster en wethalders ynsake it oangean fan fêste jildlienings yn 1967. 86/150 1513 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utsel fan boargemaster en wethalders besluten. 13Utstel oangeande it beneamen fan in fertsjinwurdiger en in plak- ferfanger yn it rekreaasjeskip "De Narrekrite" 86/151 1516 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Jansma en Ladenius - 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 7