De hear Eisenga stelt kandidaat as lid de hear Boersma en as plak- ferfanger de hear Teitsma. Oe hear Jansma stelt kandidaat de hearen Faber en Boersma. De hear Ladenius steunt it utstel fan de hear Jansma. De earste beide stimmingen bringe gjin utslach. Dp beide kandidate wurden 6 stimmen utbrocht. Dernei wurdt der lotte. Dit wiist de hear Faber oan. De hear Eisenga dielt mei, dat syn fraksje sjoen de utslach fan de earste stimming, foar plakferfanger de kandidatuer fan de hear Boersma steunt. By stimming wurde der op de hear Boersma 11 stimmen utbrocht en op de hear Teitsma 1. De hearen Faber en Boersma nimme har beneaming oan. Begruttingswizigings Dizze wurde sûnder diskusje en haadlike stimming fêststeld. Earst wurdt stimt troch de hearen Boersma en Faber Besluten yn de riedsgearkomste fan 29 jannewaris 19B7 Boschma)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 8