Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 jannewaris 1987. Oanwêzich: mefrou G.Visser, de hear J.Teitsma, mefrou M.Glas, de hearen J.Eisenga, O.Faber, S.Ladenius, J.v.d.Ende, H.A.J.Boersma, E.Roorda, S.Jansma en de wethâlders J.G.van Rijn en W.Visser. Foarsitter: de hear H.Boschma Siktaris de hear J.P.v.d.Kooi Mei kundskip ôfwêzich: de hear R.A.Ketellapper Bân I - 0000 m. -0-0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 18 desimber 1986. De hear Boersma merkt op dat op side 4 yn de 5e sin it wurd "troch" feroare wurde moat yn: "tusken". De hear Roorda merkt op dat by punt 18 de hear Boersma oanstien hat op in dieselmotor. De foarsitter seit dat hjiroan foldien is. De beslutelist wurdt fjirder ûnferoare fêststeld. De ried giet akkoard mei it fersyk fan de hear Faber om earst de punten 5 en 10 oan de oarder te stellen. 5. Utstel oangeande it bestimmingsplan bûtengebied. 87/4 0118 m. De hear Roorda fynt dit in muoilik taganklik utstel mei sjoen it taalgebrûk. Der is sprake fan in "intégrale herziening". Wer kin it mei ta, sadat in wurkber stik ûntstiet? Jo moatte neffens him net tefolle oeral helje. De hear Boersma is ek fan betinken dat it in dreech stik is om te lêzen. Hy is mei it kolleezje fan betinken dat berop gjin sin hat. Ferskate dingen meitsje it tige dreech om utwreidingen pleats fine te litten. Hy pleitet der foar te prebearjen safolle mooglik op de praktyk yn te spyljen. De hear Faber mient dat it bûtengebiet sa'n bytsje as hillich gebiet ferklearre wurdt. Hy kin it foar in grut part iens wêze mei it beskermjen fan be- paalde belangen mar fynt oan de oare kant dat der wolris in bytsje te min begrip is foar wat der barre moat. It modernisearjen fan bedriuwen bringt feroaring mei him mei. Der is no neat mear te dwaan tsjin it fêstlizzen fan behearsk- gebieten. Yn de takomst sil dit wol in tal fan hersjennings freegje. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 3