- 2 - In twadde went by de bedriuwen soe neffens syn partij kinne moatte. Hy giet akkoard mei dit utstel. De hear Teitsma seit dat wat syn fraksje oanbelanget it giet om de feredelingsbedriuwen. De fraksje stie 100 m2 foar eagen. Op dit ûnderdiel soe dan ek yn berop gien wurde moatte. De foarsitter is mei fan betinken dat it wat in lizpuzzel wurden is. It bestiet no ut trije parten. Der is oanjûn dat it kolleezje der gjin prioriteit oan jout hjir op koarte termyn ien gehiel fan te meitsjen. It reint nije foarskriften en utspraken. Sil der oan foldwaen wurde, dat wurdt it in kostbere saak. De 600 m2 foar feredelingsbedriuwen is in gefolch fan in Kroan- utspraak. It hat gjin sin hjir berop tsjin yn te stellen. It bûtengebiet wurdt net oars behannele as oare gebieten. Der is gjin sprake fan betutteling. Lit earst de nije wet R.O. mar komme, dan witte we wat de gemeente al as net regelje moat. De hear Roorda seit dat syn fraksje mei it utstel akkoart gean kin. De hear Teitsma freget ûnderbrekking fan de gearkomste. Nei it op'e nij iepenjen fan de gearkomst dielt hy mei, dat syn fraksje tsjin de fergrutting fan feredelingsbedriuwen bliuwt. Dit stânpunt moat sjoen wurde as in signaal nei de Kroan ta. Fjirder hat syn fraksje gjin beswier. It stânpunt fan de P.v.d.A.-fraksje wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Eisenga, Glas en G. Visser .6** Tsjin de leden Jansma, Van der Ende, Boersma, Roorda, Van Rijn, W.Visser, Faber en Ladenius, sadat dit mei 8 om 4 fersmiten is. It utstel fan it kolleezje wurdt sunder haadlike stimming oannommen mei de oantekening dat de fraksje fan de P.v.d.A. tsjin is. 10Utstel oangeande it fêststellen fan it Sosjaal Kultureel Jier- programma foar 1987. 87/9. 1027 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas, de hearen Faber, Roorda, van der Ende en wethâlder van Rijn. Mevrouw Glas is van mening dat een kunst- en kultuurbeleid nodig is. Voorts is zij van mening dat de cursus informatica gezien moet wor- den als een emancipatie-aktiviteitZij vraagt deze alsnog te hono- reren. Voorts pleit zij er voor het zgn. meidenwerk wel mee te nemen De hear Faber hat muoite mei it tekoart fan f 50.000, Foar ien kear kin hy hjirmei akkoart gean. De hear Roorda wiist derop dat in protte jeugd- en jongereinwurk dien wurdt bûten "8-88". Hy freget him ôf of "Grote(re) investe- ringen" (side 15) net opnommen wurde moatte yn de te meitsjen regeling foar doarpshuzen. Fjirder akkoart mei it utstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 4