- 3 - De hear van der Ende hie leaver sjoen dat mei de koarting rekken hâlden wie. Dit sil takom jier wol it gefal wêze moatte. Hoewol net fan herte, kin syn fraksje mei it utstel meigean. Wethâlder Van Rijn ûntriedt it honorearjen fan de cursus infor- matica. Hy ferwiist nei it mearderheidsstânpunt fan de wolwêzens- kommisj e De opmerking fan de hear Roorda oer "Grote(re) investeringen" sil besjoen wurde. (Yntusken hat de hear Faber de gearkomste ferlitten). It utstel fan mefrou Glas wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Eisenga, Glas, G.Visser en Teitsma. Tsjin de leden Jansma, Van der Ende, Boersma, Roorda, Van Rijn, W.Visser en Ladenius. Ofstimt dus mei 7 om 4 stimmen. Fjirder wurdt sûnder haadlike stimming neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 87/1 1851 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (ferslach V.W.C. en III - a en f) en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 3. Utstel om op grûn fan kêst 74 fan de Underwiiswet meiwurking te ferlienen oan it best.joer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum foar de oanskaf fan meigroeisets foar de "Foarikker" te Britsum. 87/2 1951 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 4Utstel oangeande it yntsjinjen fan in foardering ta it ûntbinen fan it hierkontrakt mei de hear C.Roorda te Hengelo (0)87/3 1954 m. Hjiroer wurdt it wurdt fierd troch de hearen Jansma, Teitsma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wrthâlders besluten. 6Utstel oangeande de ynspraakoardering ek fan tapassing te fer- klearjen op de nije Wet op de Romtlike Oardering. 87/5 1989 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 5