Agendapunt: 2. Voorstel: 87/34-. Aanvùlling op de lijst van ingekoraen stukken en mededelingen voor de raadsvergadering van 23 april 1987. VolgnrONDERWERP Voorgestelde behandeling. III. d. Moasje ut namme fan de FNP-fraksje ynsake it mear brûken/ it jaan fan in fêst plak fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear Utstelde behanneling Under punt 1.4 fan it Kolleezje-program is steld dat mei it Frysk yn it ambtlik ferkear mei faasje fuortgong makke wurde moat. Om oan dit utgongspunt te foldwaan binne wy utein set mei it opstellen fan in beliedsplan. Wy binne dermei safier foardere dat wy hoopje dat plan yn de gearkomste fan de Kommisje Algemiene Saken fan 23 juny oan de oarder stelle te kinnen. It plan kin dan fierder oan de rie oanbean wurde yn de gearkomste fan 16 july o.s. Om dizze reden is it oannimmen fan de moasje nei us betinken net nedich. As de rie der lykwols oars oer tinkt hawwe wy der gjin mouite mei. r

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 11