Riedsgearkomste Stiens, 16 april 1987 Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 23e april 1987 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. BOSCHMA. Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 26e maart 1987 en fan de besletten riedsgear komste (leit by de siktaris op besjen). 2. Ynkommen stikken en meidielings. 3. Utstel oangeande fêststelling fan in Oerlizoardering. 4. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtengebiet. 5. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens -Sudeast. 6. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar 't Haantje te Jelsum. 7. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar it bestimmingsplan Stiens - It Skil II en III. 8. Utstel oangeande it ferlengen fan it delegaasjebeslut foar it ferkeapjen fan bouterreinen yn it bestimmings plan It Skil te Stiens. 9. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in perseel grûn oan de hear W. Jager te Stiens. 10. Utstel oangeande de oardering ta it fêststellen fan de tabel 1987 hearende by de oardering op it heffen en ynfoarderjen fan leges op de siktary. 11. Utstel oangeande it jierprogramma basisedukaasje 1987. 12. Utstel oangeande it oanbieden fan de rekkens fan it grûnbedriuw en de tsjinst foar sportoangelegenheden oer it jier 1985 en de gemeenterekken oer it jier 1985 en it oanwizen fan de leden yn de kommisje foar it neisjen fan dizze rekkens. 13. Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de wurk- groep Untwikkelingsgearwurking. 14. Utstel oangeande it beneamen fan in lid en in plak- ferfangend lid yn it algemien bestjoer fan it O.L.A.F. 15. Begruttingswizigings 87/34 87/35 87/36 87/37 87/38 87/39 87/40 87/41 87/42 87/43 87/44 87/45 87/46 Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 20e april 1987 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 1