Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 26 maart 1987. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hear J. Teitsma, mefrou M. Glas en de hearen J. Eisenga, 0. Faber, S. Ladenius, J. v.d. Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P.v.d.Kooi Bân I - 0000 m. -0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1Fêststelling fan de beslutelisten fan de riedsgearkomsten fan 26 febre- waris en 12 maart 1987. 0000 m. Mei de tasizzing fan B. en W. by wurklistnr. 5 fan it ferslach fan de gear- komste fan de 26e febrewaris, dat undersocht wurde sil wa't ferantwurdlik is foar de fersmoarging fan de terp, wurde de beslutelisten ûnferoare fêststeld. Op foarstel fan de foarsitter wurde dêrnei earst de punten 3 en 4 oan de oarder steld. 3Utstel oangeande it ferlienen fan earfol ûntslach oan de hear J.P. van der Kooi as gemeentesiktaris87/26 0085 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet hâlders besluten. 4. Utstel oangeande it beneamen fan in nije gemeentesiktaris. 87/27 0135 m. Nei in tydlike ûnderbrekking fan de gearkomst wurdt de hear T.P. van Deute- kom beneamd as nije gemeentesiktaris. De hear van Deutekom kriget 8 stimmen; de hear Garretsen 5 stimmen. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 87/25 0245 m. As oanfolling op punt III-c wurdt troch mefrou Glas en de hear Teitsma de nei- kommende moasje yntsjinne: - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 5