Riedsgearkpmste Stiens, 11 juny 1967. Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 1Be juny 1987 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster, H. BOSCHPIA Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomsten fan de 13e en 21e maaie 1987. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 3. Utstel oangeande it ferlienen fan earfol ûntslach oan de hear W.L. Roemeling te Stiens as direkteur fan it fersoar- gingstehûs Skilhiem te Stiens. 4. Utstel om meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Stiens foar it meitsjen fan it dak fan dOriëntaasje te Stiens. (wurdt neistjoerd) 5. Utstel oangeande it oankeapjen fan in stik grûn fan de family J.J. fliedema te Stiens. 6. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-doarp. (bou garage oan de Finne- dyk te Stiens 7. Utstel oangeande it ferlienen fan frijstelling foar de oanliz fan ûntslutingsdyken en it bouryp meitsjen fan de bestimmings- plannen Koarnjum en Jelsum. 8. Utstel oangeande it sanearjen fan it grûnbedriuw. 9. Utstel om foar de Stifting Presentaasje Ljouwerteradiel boarch te stean foar in mooglik tekoart foar de manifestaasjes rûn de jierlikse diskemerke. 10. Utstel om meiwurking te ferlienen oan de Wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel foar de bou fan 13 wenten te Stiens en Britsum. (wurdt neistjoerd) 87/59 87/60 87/61 87/62 87/63 87/64 87/65 87/66 87/67 11 Begruttingswizigings Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 15e juny 1987 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 1