Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 13 maaie 1987. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hear J. Teitsma, mefrou M. Glas, de hearen 0. Faber, S. LadeniusJ. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Mei kundskip ôfwezich: de hear J. Eisenga. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P.van der Kooi Bân II 0000 m. -o-o-o-o- Utstel oangeande it nimmen fan maatregels om yn de takomst tekoarten te ferkommen nei oanlieding fan de utkomsten fan meerj ierrenraming 1986 t/m 1990. 87/49 De hear Jansma stiet posityf tsjinoer saken as âldereinbelied, keunst, kultuer ensf. wol moat dit allegearre kritysk besjoen wurde en kin net sûnder een eigen bydrage. It oprjochtsjen fan de stifting VWC hat net in ferkearde beslissing west. Al binne de mieningen wat ferdield, jow harren in earlike kans en kom mei in trochtocht advys. By de mearjierrenruzing kin wat syn fraksje oangiet rekken halden wurde mei foartsetting, of it moat wêze dat de evaluaasje dudlik oanjowt dat der net mei troch gean wurde moat. It opslachterrein fan gemeentewurken hat by syn fraksje middelmatige prioriteit. It noadige moat earst. It klepelj en fan bermen graach op lytse skaal en op proef. Der kin no net makkelik in beslissing nommen wurde oer ferheging fan de ûnreplikguodbelesting. Der binne nochal was ûnwissichheden, û.o. de VWC en it sosjaal kultureel wurk. Syn fraksje wol de ofwaging fuortsetting belied - belestingferheging los fan elkoar sjen. As bliken docht dat ferheging winsklik is, dan is dat yn syn fraksje besprekber De hear Teitsma fynt net folle keppeling oan it kolleezje-program. Nei syn betinken moat dit yn it ferfolch mear nei foarren komme. Der wurdt nei syn betinken te folle utgien fan tafallichheden. Werom is dizze kar makke en net in oare. Oer guon saken hat noch gjin polityke beslutfoarming pleats fûn. Hy pleitet der foar de utjeften foar de VWC earst P.M. te ruzen. Earst moat der in dudlike evaluaasje komme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 5