Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 18 juny 19B7. □anwêzich: mefrou G. Visser, mefrou M. Glas en de hearen J. Eisenga, 0. Faber, S. Ladenius, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Mei kundskip ôfwêzich: de hear J. Teitsma en boargemaster Boschma. Foarsitter de hear J.G. van Rijn Siktaris de hear J.P. van der Kooi. Bân II 0000 m. -o-o-o-o-o-o- 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 13e en 21e maaie 1987. □izze wurde Qnferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 87/59 0082 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (Il-a), de hear Eisenga (oer de ferslagen fan de sportkommisje, de foarsitter en wethâlder Visser) Sûnder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen besluten. Dernei dielt de foarsitter mei dat it kolleezje besluten hat punt 10 fan de wurklist ôf te fieren. Punt 12 is tafoege. 3Utstel oangeande it ferlienen fan earfol ûntslach oan de hear W.L. Roemeling te Stiens as direkteur fan it fersoargingstehûs Skilhiem te Stiens. 87/60 0201 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. De foarsitter seit de hear Roemeling tank foar syn wurk en ynset. 4. Utstel om meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Stiens foar it meitsjen fan it dak fan d0riëntaa5je te Stiens. 87/61 0238 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 3