- 2 - Utstel oangeande it oankeapjen fan in stik grûn fan de family J.J. Miedema te Stiens. 87/62 0326 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestmmingsplan Stiens-doarp(bouw garage oan de Finnedyk te Stiens. 87/63 0332 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it ferlienen fan frijstelling foar de oanliz fan ûntslutingsdyken en it bouryp meitsjen fan de bestimmings- plannen Koarnjum en Jelsum. 87/64 0349 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it sanearjen fan it grûnbedriuw. 87/65 0355 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Eisenga, Boersma, Roorda en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel om foar de Stifting Presentaasje Ljouwerteradiel boarch te stean foar in mooglik tekort foar de manifestaasjes rûn de jierlikse diskemerke. 87/66 0780 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ladenius, Jansma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. (ynlutsen) Utstel oangeande it meitsjen fan it dak fan de o.b.s. "De Homeie" te Britsum. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hear Faber en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 4