- 4 - By de twadde stimming oer it earste twatal wurde op de hear Bakker 8 stimmen fitbrocht en op mefrou Keuning 4. Beneamd binne dus de hearen Bakker en Damstra. 14Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de rekkens takken fan tsjinst en de algemiene tsjinst oer it jier 1985. 87/81 2083 m. en bân II fanôf 0000 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, van der Ende en de foarsitter. De heer Eisenga pleit er voor de rekening wat meer inzichtelijk te maken. De foarsitter seit ta de suggestjes fan de kommisje mei nimme te sillen by it opmeitsjen fan de folgjende rekkens. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 15. Utstel oangeande it fêststellen fan it mearjierrenprogramma monuminten. 87/82 0295 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Jansma, mefrou Glas en wethâlder van Rijn. Mefrou Glas pleit voor het instellen van een monumentenverordening en het instellen van een eigen restauratiefonds voor incidentele gevallen. Wethâlder van Rijn seit ta, dat it kolleezje sa mooglik foar it ein fan 't jier mei utstellen komme sil. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 16. Begruttingswizigings 0523 m. Wurde sunder diskusje en haadlike stimming ûnferoare fêststeld. Ein fan de gearkomste op 0565 m. Fêststeld yn de riedsgearkomste fan 3 septimber 1987, 'de foarsit (H. Boschma) (T.P. van DeutekÔm

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 6