- 5 - 102Ynformaasje nei de boarger ta (F.N.P.) "Ynformaasje nei de boarger ta". Dat wie oan't no ta it doel fan ùs gmeente. Kin it kollege ûs meidiele werom't de leste 2 moanne gjin riedsferslaggen yn de Stienser Omropper stien hawwe? De boarger kriget no net die Ynformaasje we^t er rjocht op hat, om't de ferslaggen yn de dei- blêden meast tiids ek neat opsmite. Antwurd B en W: It is gebrûklik dat der in ferslach ferskient fan de riedsgearkomsten yn de Stienser Omropper, mei it doel de boarger de nedige ynformaasje te jaan. Oant oktober fan dit jier binne derom tsien ferslagen publisjearre fan de riedsgearkomsten It kin foarfalle dat in gearkomste net gelyk rint mei de slùtingsdatum fan de kopy foar de Stienser Omropper. Yn dizze gefallen ferskine der twa ferslagen yn it earstkommende nûmmer. it ferslach fan 1 oktober 1.1. wie net op 'e tiid klear foar publikaasje yn it oktobernûmmer fan de Omropper. Dit ferslach hie derom, tagelyk mei it ferslag fan 29 oktober, yn it okkerdeis ûtkommen novimbernûmmer ferskine moatten. De kopy is troch de gearsteller op mondeitejûn 2 novimber 1.1. op 'e post dien. De ferslagen binne lykwols net oankommen. op it gemeentehûswylst de gearsteller ek gjin ôfskriften makke hie. Troch de grutte (begruttings)drokte kaam dizze (PTT) flater earst in wike letter oan it ljocht. Doe wie it te let de ferslagen te publisearjen Der is no besletten it ferslach fan 1 oktober ferfalle te litten en dat fan 29 oktober yn it earstkommende nûmmer fan de Omropper (fan 15 desimber) te publisearjen, tagelyk mei it ferslach fan de begruttingsgearkomste fan 26 novimber oansteande. It ûtgongspunt om fan eltse riedsgearkomste ferslach te dwaan yn de Stienser Omropper bliuwt dan ek fan krêft.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 101