- 13 - 530 Swimbad (F.N.P.) Kin it kolleezje it mei ûs iens wêze datwyùs op'e nei be- sinne moatte oer de gong fan saken oangeande it swimbad, sjoen de grutte tekoarten en takomstige ynvestearingen? Antwurd B. en W. Mei de opmerking dat, sjoen de tekoarten en de ynvestearingen yn de takomst, in omtinken oer de takomst fan it swimbad "de Middelsé" op syn plak wêze soe, kinne wy it foar it grutste part iens wêze. Ek fan ùs kant (en dan lykwols de kant fan ds kolleezje as dy fan1e sportkommisje) is dizze fraach nei foaren kommen. Wy binnen fan doel op in sa koart mooglike termyn in notysje op te stellen oer it gebrûk fan it swimbad yn ds gemeente Wy tinke dan oan in beliedsfisy foar de jierren '90, wêrby sawol nei ynhâld as finansjeel in oanset jûn wurdt ta in reëel swimbadbelied. Yn oerlis mei de sportkommisje hoopje wy yn 1988 hjiroan in konkrete ynfolling te jaan. By it foargeande wolle wy noch wol opmerke, dat dy be liedsfisy foar it swimbad "De Middelsé", net eat wurde mei wat allinnich stiet. Sa as bliken docht dt de "Sportbegrutting 1988" is it net allinne it swimbad der't in jierlyks tekoart by konstatearre wurdt; ek by oare gemeentlike sportakkomodaasjes giet praat fan (grutte) tekoarten. Yn it takomstige finansjele ramt sil derom in hifkjen fan it hiele sportbelied plak fine moatte en net op foarhâan fan mar ien part dêrfan. By dizze ôfweaging sille der dddlike prioriteiten steld wurde moatte. It swimbad "de Middelsée" sil hjirby dan ien fan'e diskusjepunten wêze.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 117