- 18 - 620. Frijwilliqerswurksintrale (C.D.A.): Hoenear tinkt it kolleezje ree te wêzen mei de evaluaasje wat de frijwilligerswurksintrale oanbelanget? As der sprake fan is dat it kolleezje de yndruk hat dat der minder gebrûk makke wurdt fan de fasiliteiten fan de V.W.C. as wêrop hope waard, wurdt dan doeld op it tal ûtkeringsgerjochtigdendat der gebrûk fan makket? Is dit just, as men betinkt dat it Ryk by te ferstrekken subsydzjes it betingst stelt, dat aktiviteiten net beleind wurde meie ta minsken mei in ùtkearing? Antwurd B. en W. A. Mei it foltallige bestjoer fan de Frijwilligers Wurk Sintrale is ôfpraat dat de evaluaasje yn it begjin fan 1988 ree wêze moat. Wy tinke dat it mooglik is om yne foarjiersmoanne 1988 mei foarstellen nei de rie te kommen. B. Sa't jimme witte is it yndied sa dat it ûs taliket dat yn fergeliking mei de partners de gemeenten it Bilt en Ferwerteradiel troch de gemeente Ljouwerteradiel minder gebrûk makke wurdt fan de F.W.S. Wy soene foarût rinne op de evaluaasje om no al mooglike oarsaken hjirfoar oan te wizen, mar neffens ûs spilot de wurkleazens, dyt slim ôfwykt tusken de gemeenten, in roi en it feit dat der op it sosjaal-kultureel mêd yn de gemeente Ferwerteradiel gjin foarsjenning is. C. Yn de akte fan oprjochting fan de stifting stiet ûnder oare dat de stifting ta doel hat: a. foarsjennings ôfstimd op it ferhelp, it behâld en de befoardering fan de arbeidsgeskiktheid fan de ûtkearingsgerjochtigden. b. it frijwilligerswurk. c. de wurkgelegenheid. Yn it wurkgelegenheidspplan tusken de gemeenten wurdt ek praat oer in twa spoaren belied, nammentlik 1. Opfang fan de ûngeunstige gefolgen fan it net hawwen fan (betelle) wurk en it troch de tiid moatten fan in ùt kearing 2It skeppen en oantrunen fan (strukturele) arbeidsmooglikheden

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 127