1b LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 17 desimber 1987. Oanwêzich: mefrou Visser, de hear Teitsma, mefrou Glas, de hearen Faber, Ladenius, van der Ende, Boersma, Roorda, Jansma, Ketellapper en de wethâlders van Rijn en Visser. Mie kundskip ôfwêzich: de hear Eisenga. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear T.P. van Deutekom. Ban I - 0412 m. 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 26-11-1987. Die wie te let klear en sil yn de gearkomste fan jannewaris '88 oan de oarder steld wurde. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 87/142 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Jansma (Il-g), mefrou Visser (Ill-b), de hear Jansma (Ill-b), de hear Boersma (Ill-b), wethâlder van Rijn en de foarsitter. It utstel fan de hear Jansma oangeande punt Ill-b om in brief utgean te litten mei hantekenings fan de riedsleden wurdt oannommen. Fjirder wurdt sûnder haadlike stimming besluten neffens de utstellen fan it kolleezje. 3. Utstel oangeande it ferlienen fan earfol ûntslach oan mefr. A. Meinderts- Jorna as adjunkt~direkteur fan de iepenbiere basisskoalle "de Jint" te Stiens. 87/143 0713 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 4Utstel oangeande it beneamen fan de hear N. Koopmans as adjunkt-direkteur fan de iepenbiere basisskoalle "de Jint" te Stiens. 98/144 0718 m. De hear N. koopmans wurdt mei 12 stimmen beneamd. 5. Utstel oangeande fêststelling fan de oardering ynsake de behanneling fan de oanfragen om in utkering en beswierskriften op grûn fan de Met Ynkommensfoarsjenning Aldere en foar in part Wurkungeskikte Wurkleaze Wurknimmers. 87/145 0750 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. -o-o-o-o-o-o-o- 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 11