- 2 - 6. Utstel oangeandB fêststelling wurk- en middelsplan 1988 fan de stifting Frijwilligers Wurk Sintrale Noard-East Fryslân te Marrum. 87/146 0759 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel oangeande it wlzigjen fan de subsydzje oardering foar wennlng- ferbettering 87/147 0764 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8. Utstel oangeande ferskate saken m.b.t. de kabel-televyzje. 87/148 0825 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Teitsma, van der Ende, Jansma, de foarsitter en wethâlder van Rijn. □e hear Faber is tsjin fjirdere ynfestearrings De oare sprekkers diele mei dat harren fraksjes mei it utstel fan it kolleezje akkoart gean kinne. Wol binne de fragen oer it ferheljen fan de ynfestearring die't yndertiid dien is foar 't Haantje te Jelsum. □e hear Teitsma freget dizze saak oan te kaarten by it Ryk. De hear Jansma is fan betinken dat it taryf oer net al te lange tiid kostendekkend wêze moat. Syn fraksje fynt in nij ûndersyk nei it efterbliuwen fan it tal abonnées net needsaaklik. Mei de oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tjsin in nije ynfestearring stimt te hawwen wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 9Utstel oangeande it fêststellen fan it Sosjaal Kultureel Jierprogramma foar 1988. 87/149 1382 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Roorda, mefrou Glas, de hearen van der Ende, Faber en wethâlder van Rijn. De fraach of sunsydzje ferliend wurde moat foar in speel-o-theek wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden van Rijn, Jansma, Ketellapper, Roorda, W. Visser, Teitsma, G. Visser en Glas. Tsjin binne de leden Boersma, van der Ende, Faber en Ladenius. Fjirder wurdt sûnder haadlike stimming neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 12