LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 19 febrewaris 1988. Oan de gemeenterie. Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 25e febrewaris 1988 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens ne begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. BOSCHMA Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 28e jannewaris 1988. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 88/20 3. Utstel oangeande wizigjen fan ferskate rjochtsposysje- regelings. 88/21 4. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtengebiet (wei S 1 - Stiens- Ljouwert rekonstruksje)88/22 5. Utstel oangeande it oankeapjen fan grûn yn it nije bestim mingsplan Stiens Noard-East. 88/23 6. Utstel oangeande it wizigjen fan it boartersplak/Iepenbier grien oan de Spartahof te Stiens. 88/24 7. Utstel oangeande it ynfesteringsprogram sport 1988. 88/25 8. Utstel oangeande it garandearjen fan in ûnderhânske klim- liening foar de bou fan 13 wenten fan Wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel te Stiens (7) en te Britsum (6). 88/26 9. Utstel oangeande de subsydzjebeskikking I.S.P. Lânskipsûnder- hâld boskoanliz en ûnderhâld natuerterreinen. 88/27 10. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan klean foar de frijwillige brânwacht. 88/28 11. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan trije oaljetanks. 88/29 12. Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de kommisje Wol- wêzen. 88/30 13. Begruttingswizigings. Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 22 febrewaris 1988 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 3