- 2 - 6- Utstel oangeande it oankeapjen fan in stik grûn fan de hear R. Brolsma te Stiens. 88/5 0532 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge- master en wethâlders beslûten. 7Utstel oangeande it beëindigjen fan de erfpacht fan de perselen Hynstewaed 6, 10 en 12 te Stiens. 88/5 0538 m. Hj iroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet hâlders besluten. 8Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it be- stimmingsplan bûtengebiet (Buerefinne 2, Stiens). 88/7 0585 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Roorda, Boersma, wet- hâlder Van Rijn en de foarsitter. De hear Teitsma seit dat syn fraksje ôfwizend stiet tsjinoer dit foarstel. Stiens hat in yndustryterrein en it plak fan in "gritstraal"-bedriuw heart dan ek op dit terrein te wêzen. De hear Teitsma wiist yn dit ramt op in mooglike subsydzje—regeling foar (oer) pleatsen fan bedriuwen nei it yndustryterrein. De hear Roorda seit dat de belangen hifke wurde moatte. Ek yn syn fraksje is dat bard. Syn fraksje is fan miening dat de oerlêst net tige grut wêze s il. It gritstraalbedriuw fait ommers ûnder de hinderwet. De oerlêst sil dêr troch beheind wurde. Fierders sil rekening halden wurde moatte mei de wurkgelegenheid yn Ljou- werteradiel. Der moat in belied hantearre wurde wêrby situaasjes lykas no foarsteld moog- lijk bliuwe. Neffens de miening fan syn fraksje is it gefal dêr't it oer giet, net in situaasje dy't net winsklik is. De hear Boersma freget himself of oft de hjoeddeiske ûntjouwingen wol winsklik binne; in gritstraalbedriuw yn it bûtengebiet. In hinderwetfergunning is net bûn oan in persoan. Wat sille de gefolgen foar de takomst hjirfan wêze. Wethâlder Van Rijn andert dat it yndustryterrein yn wezen net in folle bettere lokaasje is as it plak dêr't it no is. Ek om it yndustryterrein hinne is of komt in wengebiet. It yndustryterrein is net it meast geskikte plak foar in gritstraalbedriuw. It plak dêr't it no stiet, is it bêste. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 6