- 5 - Hjirnei bringt de foarsitter it foarstel yn stimming. Foar binne de leden: Roorda, Boersma, Eisenga, Van der Ende, Glas, Teitsma, G. Visser, W. Visser, Van Rijn en Jansma. Tsjin binne de leden: Ladenius, Faber en Ketellapper. It foarstel is dêrom mei 10 tsjin 3 st. oannonnnen. 12Utstel oangeande it jaan fan nammen oan nije strjitten yn de doarpen Britsum, Koarnjum en Jelsum. 88/11 1525 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de heren Teitsma en Ladenius. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 13Utstel oangeande it beëindigjen fan de mienskiplike regeling Wurkfersjen- ningskip Noardergea. 88/12 1570 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge master en wethâlders besluten. 14. Utstel oangeande it ynstellen fan in mienskiplike regeling Regio Fryslân- Noard. 88/13 1573 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en wethilder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 15Utstel oangeande in beslissing te nimmen op in AROB beswierskrift fan de fam. Pasma te Hijum. 88/14 1657 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Boersma, Van der Ende, Faber en de foarsitter. De hear Ketellapper is fan miening dat it kinne moat dat der yn dizze saak utsûnderingen makke wurde. It yn stân hâlden fan de lytse doarpen is foar him hjirby in argumint dat swier weacht. De hear Boersma stimt mei it kolleezje foarstel yn. De hear Van der Ende pleitet foar it minderheidsadvys. De hear Faber wiist op it bestimmingsplan yn Hijum. Mei mienskipsjild is yn Hijum in djoer bestimmingsplan realisearre. Hjiroan moat festhâlden wurde. Der moatte gjin utsûnderingen makke wurde. Presendinten moatte tefoarenkommen wurde. It foarstel wurdt yn stimming brocht. - 6 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 9