H GEMEENTE ■J LEEUWARDERADEEL Underwerp: Stiens, 25 maart 1988 Riedsgearkomste Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 31e maart 1988 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. BOSCHMA n Ho Nr. fan it W D R K L I S I ûtsMl Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 25e febrewaris 1988. Ynkommen stikken en meidielings. 88/31 Utstel om meiwurking te ferlienen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis oan it bestjoer fan de Feriening foar Kr. Underwiis te Stiens yn ferbân mei it ferfangen fan de tsjet- tel fan de sintrale ferwaarming. 88/32 Utstel om meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de Ferie ning foar Kr. Underwiis te Stiens foar it utwreidzjen fan de Paed- wizer te Stiens. 88/33 Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar it be- stimmingsplan Sud-East Britsum. 88/34 Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Britsum (ûndergrûn de Sprong) 88/35 Utstel om grûn te ruiljen oan It Noarderfjild te Stiens. 88/36 Utstel oangeande it nimmen fan in beslissing op yntsjinne beswier- skriften fan de hearen Postma en Spoelstra te Stiens. 88/37 Utstel om meiwurking te ferlienen ta it realisearjen fan in regio- naal projekt persoanenalarmearing. 88/38 Utstel oangeande it takomstig belied foar it swimbad de Middelsé en it beskikber stellen fan in kredyt foar in tal oanpassingen. 88/39 - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 3