]LJ\ LEEUWARDERADEEL Tjri GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 febrewaris 1988. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hear J. Teitsma, mefrou M. Glas, de hearen J. Eisenga, 0. Faber, S. Ladenius, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders de hearen J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma. Siktaris de hear T.P. van Deutekom. Bân II - 0000 m. 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 jannewaris 1988 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Jansma en de foarsitter. De hear Jansma freget by punt 11 (side 4) de wurden "syn fraksje te feroarjen yn "hy". De beslutelist wurdt fjirder sûnder diskusje en haadlike stimming fêststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings. 88/20 0070 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma (Il-b)van der Ende (II-c)mefrou Visser (Il-d en Ill-d)mefrou Glas (Ill-g)de hear Boersma (Ill-g)de foarsitter en de wethâlders Van Rijn en Visser. Oan mefrou Glas wurdt tasein dat yn de earstkommende gearkomste fan de kommisje Iepenbiere Wurken in oersjoch jûn wurde sil fan frou-ûnfreonlike sitewaasjes. 3. Utstel oangeande wizigjen fan ferskate rjochtsposysjeregelings 88/21 0826 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en de foarsitter. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge- master en wethâlders besluten. 4. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtengebiet (wei S 1 - Stiens-Ljouwert rekonstruksje) 88/22 0931 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd toch de hearen Boersma, Teitsma, Faber, Jansma en wethâlder Van Rijn. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge- master en wethâlders besluten. 5. Utstel oangeane it oankeapjen fan grûn yn it nije bestimmingsplan Stiens Noard-East 88/23 1079 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge- master en wethâlders besluten. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 5