LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 maart 1988. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hear J. Teitsma, mefrou M. Glas, J. Eisenga, 0. Faber, S. Ladenius, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en wethâlder W. Visser. Foarsitter de hear H. Boschma Siktaris T.P. van Deutekom Mei kundskip ôfwezich: wethâlder van Rijn Bân I - 0000 m. -o-o-o-o- 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 25e febrewaris 1988. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas en de foarsitter. Ut wurd "earstkommende" yn rigel 4 ûnder punt 2 moat wêze "een". Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 2. Ynkommen stikken en meidielings 88/31 De foarsitter dielt foarôf mei, dat ûnderdiel II-c net op de aginda thus heart. Oer Ill-e wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Jansma, Boersma, mefrou Visser en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 3. Utstel om meiwurking te ferlienen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis oan it bestjoer fan de Feriening foar KrUnderwiis te Stiens yn ferbân mei it ferfangen fan de tsjettel fan de sintrale ferwaarming. 88/32 0425 m. Sûnder diskusje en sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 11