- 2 - 4. Utstel om meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de Feriening foar Kr. Underwiis te Stiens foar it utwreidzjen fan de Paedwizer te Stiens. 88/33 0434 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber, mefrou Visser en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 5Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar it bestimmings- plan Sud-East Britsum. 88/34 0529 m. Sûnder diskusje en sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 6Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Britsum (ûndergrûn de Sprong) 88/35 0539 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Roorda, Boersma en de foarsitter. De hear Eisenga verzoekt de raad t.z.t. in kennis te stellen van het bouwplan, zodat eventueel toepassing kan worden gegeven aan artikel 19, lid 3 van de Wet R.O. De hear Roorda mient te witten, dat der mear gadingmakkers wiene foar oankeap fan de opstal. Hy is net fan doel de ferkeap op te kearen mar wol noch wol ris oer de proseduere prate. De hear Boersma neamt it plak fan it 50 km. boerd. De foarsitter seit pas op'e neimiddei yn kennis steld te wêzen fan in twadde gadingmakker Hy seit ta de proseduere yn Iepenbiere wurken beprate te sillen. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel om grûn te ruiljen oan It Noarderfjild te Stiens. 88/36 0951 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8Utstel oangeande it nimmen fan in beslissing op yntsjinne beswier- skriften fan de hearen Postma en Spoelstra te Stiens. 88/37 0965 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Eisenga, Roorda, Ketellapper en de foarsitter. -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 12