- 3 - Yn de twadde ronde ek troch de hearen Faber, Teitsma en wethâlder Visser. De earste trije sprekkers freegje dudlikheid oer de termyn fan de oanpassing fan it bestimmingsplan. De hear Ketellapper is tsjin it utstel. De foarsitter jowt oan, wat der oan it op'e nij besjen fan it plan foarôf giet. Hy is foarsichtich mei it neamen fan in datum. De heer Eisenga vraagt om schorsing. Na heropening van de vergadering deelt de heer Eisenga mee, dat zijn fraktie op een harde toezegging staat, ni. uiterlijk in de oktoberraad. De foarsitter wol dat wol dwaan, as de ried dan ek ree is it nedige kredyt beskikber te stellen. De hear Faber seit dat syn fraksje hjir op tsjin is. De oare fraksjes ferklearje harren hjir wol ta ree. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten mei de oantekening dat de hear Ketellapper achte wurdt tsjin stimt te hawwen. 9. Utstel om meiwurking te ferlienen fan it realisearjen fan in regionaal projekt persoanenalarmering 88/38 1552 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ladenius, Boersma, mefrou Visser en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 10. Utstel oangeande it takomstig beleid foar it swimbad de Middelsé en it beskikber stellen fan in kredyt foar in tal oanpassingen. 88/39 1640 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Eisenga, van der Ende, Jansma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten mei de oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tsjin stimt te hawwen. 11. Utstel oangeande it beskikber te stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan ferskate bedriuwsmiddels foar de tsjinst gemeentewurken. 88/40 (Nye bân 0140 m.) Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ladenius, Boersma, Ketellapper en de foarsitter. -4-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 13