- 3 - 11Utstel oangeande it ferkeapjen fan de ûndergrûn fan "de Sprong" te Britsum. 88/52 1032 m. Yn ferbân mei in neikommen stik ûnderbrekt de foarsitter de gearkomste foar in lêsskoft. Nei it op'e nij iepenjen wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Roorda, Teitsma, Faber, wethâlder van Rijn en de foarsitter. De hear Teitsma is fan betinken dat it neikommen stik in nij ljocht op de saak jowt. Hy freget of it nimmen fan in beslut net nei de folgjende gearkomste ferskowt wurde kin. Wethâlder van Rijn sjocht der gjin reden ta. De hear Teitsma freget om ûnderbrekking fan de gearkomste foar neier berie mei syn fraksje. De foarsitter stiet dit ta. Nei it op'e nij iepenjen seit de hear Teitsma dat syn fraskje der mouite mei hald no in beslut te nimmen. Wethâlder van Rijn is fan betinken dat der gjin sprake is fan ûnregel- mj ittigens De saak is foar it kolleezje folsein dudlik. Der is gjin oanlieding ta utstel. Hy pleitet der foar no ta in beslut te kommen. It utstel fan de P.v.d.A.-fraksje wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Eisenga, Ketellapper, Teitsma en G. Visser. Tsjin de leden van Rijn, Jansma, Roorda, Boersma, Faber, Ladenius en W. Visser. Dit utstel is dus mei 4-7 stimmen fersmiten. Hjirmei bringt de foarsitter it utstel fan it kolleezje yn stimming. Dit utstel wurdt yn deselde ferhâlding oannommen. 12. Utstel oangeande it ferkeapjen fan ferskate stikjes iepenbier grien. 88/53 1442 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 13Utstel oangeande it beneamen fan in lid en in plf.lid fan it algemien bestjûr fan it I.L.O.F. 88/54 1446 m. Ta lid en pleatsferfangend lid wurde mei algemiene stimmen beneamd de hearen J.G. van Rijn te Stiens en M. Holwerda te Ferwerd. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 11