- 2 - 5Utstel oangeande it jaan fan in namme oan it nije bestimmingsplan Stiens Noard-East. 88/48 0659 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 6Unstel oangeande it ferstrekken fan kapitaal oan it grûnbedriuw foar it bouryp meitsjen fan in part fan it industryterrein oan It Noarderfjild en de ûntsluting fan it bestimmingsplan Stiens Noard-East 88/49 0686 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it stimulearjen fan de automatisearringskennis ûnderwizend personiel. 88/50 0694 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8. Utstel oangeande it garandearjen fan in klimliening foar de ferbettering fan 22 wenten te Stiens fan de Wenningstifting Ljouwert - Liouwerteradiel. 88/51 0790 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Teitsma, en de foarsitter De foarsitter seit ta de gong fan saken oangeande de WLL yn ien fan de earstfolgjende gearkomsten fan de kommisje Algemiene Saken oan de oarder te stellen. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 9Undersiik fan de betrouwensbrieven fan it te beneamen riedslid, de heer A. Dijkstra te Stiens. 0968 m. De foarsitter beneamd ta kommisje fan ûndersyk de hearen Teitsma, Jansma en Boersma en ûnderbrekt dernei de gearkomste. Nei it op'e nij iepenjen jowt de foarsitter it wurdt oan de kommisje. Ut namme hjirfan dielt de hear Teitsma mei dat de betrouwensbrieven yn de oarder befûn binne. De hear A. Dijkstra is dermei beneamd as lid fan de rie. 10. Begruttingswizigings 1028 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurde dizze ûnferoare fêststeld. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 8