1Ynlieding. Ljouwerteradiel is fan âldsin gemeente dy 't it brûken fan it Frysk altyd heech yn it findel hân hat. Dit, as gefolch fan it feit dat Fryslân jimmeroan fan it ferline ut in eigen taal yn har kultuurpatroan hân hat. In taal dy't yn de fryske histoarje altyd in wichtich plak ynnommen hat. De oansluting fan Fryslân by it "Koninkrijk der Nederlanden" yn 'e 16e ieu brocht de nederlânske taal nei Fryslân en hat it Frysk stadich mar wis nei it twadde plak krongen. Dit jildt benammen foar de lêste pear ieuwen. Lang om let hat dit der ta laat dat, foaral yn it offisiele ferkear, it Nederlânsk yn in grut part fan Fryslân as DE fier- taal boppe it Frysk kaam te stean en it Frysk sadwaande op it twadde plak kaam. Dit allegearre nettsjinsteande it feit dat de fryske taal yn it ferline en hjoeddedei dochs altyd in wichtich plak yn it kultuurpatroan ynnommen hat en noch ynnimt. Omt yn it offisiële ferkear hieltyd mear de klam op it Nederlânsk kaam te lizzen, is der de lêste jierren op ferskate plakken yn Fryslân in diskusje Ûntstien oer it plak fan it Frysk yn it offisiele ferkear. Grûn fan dizze diskusje wie de winsk fan de fryske befolking om it Frysk wer dat plak yn it offisiële ferkear te jaan dêr't it rjocht op hat sjoen de histoaryske rjochten en kulturele wearden fan dy taal. It Frysk moat op grûn fan in twatal reële utgongspunten, ntl. - gelykberochting tusken it Nederlânsk en it Frysk; en - yn Fryslân, dat wol sizze de fryske gemeenten, heart in Frysk-taalbelied in lykweardige posysje njonken it Nederlânsk krije. It Frysk moat einliks ut de ûnderwurdearre posysje fan hjoeddedei helle wurde. Fryslân heart ut in demokratysk eachpunt wei yn begjinsel twatalich te wêzen. In taalbelied dat dudlikheid jout oer de beliedsfyzje fan de gemeente oangeande it brûken fan it Frysk soe dêrby in pree wëze moatte. Foar de gemeente sels lykas foar har befolking soe der sprake wêze moatte fan in dudlike (politike) beliedsfyzje. Ut: a. de earder neamde oarsprong wei; b. it plak fan it Frysk yn de h^oeddeiske maatskippij fan de provinsse Fryslân; en c. de kulturele wearde; fertsjinnet it Frysk in sadanich plak yn it provinsiaal en ge- meentlik taalbelied dat it lykweardich oan it Nederlânsk steld wurdt. Yn ferskate gemeenten hat eardemeamde diskusje plak hân, wêrby't Sfhinklik fan de gearstalling fan de befolking in tal belieds- fyzjes nei foaren kaam. Beliedsfyzjes dy't fariearje fsm in minimaal brûken fan it Frysk ta in tige wiidweidich Frysk- taalbelied. Ek yn de gemeente Ljouwerteradiel waarden op grûn fan dizze diskusje in tal foarmen fan belied oangeande it Frysk yn it offisille ferkear formulearre.sjoch haadstik 2). Doel hjirfan wie it stimulearjen fan it Frysk. Hoewol't, sa't ut it foargeande bliken docht, de yntinsje foar in Frysk-taalbelied yn begjinsel altyd wol oanwêzich west hat, binne dêrfoar nea konkrete rjochtlinen op papier set.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 41