Oant no ta is it brûken fan it Frysk (yn it offisiSle ferkear), hoewol't der yn it ferline wol ûtspraken oer dien binne, altyd op in "ad-hoc" belied basearre west. Der kin sein wurde dat der yn begjinsel allinnich ynspile waard en wnrdt op ynsidintele saken. Om dizze "patstelling"dy't al jierren duorret te trochbrekken, is men fan doel om op grûn fan eardemeamde arguminten it oant no ta fierde "ad-hoc" belied om te bouwen ta in better strukturearre belied, wêrby't in dûdlike fyzje oangeande it Frysk opset wurdt. Yn de neifolgjende haadstikken wurdt hjir stap foar stap op yngien. 2. Untwikkelingen oant no ta. It feit dat de gemeente Ljouwerteradiel altyd posityf tsjin it brûken fan it Frysk yn it offisiSle ferkear oer stien hat, hat in pear jier ferlyn laat ta in tal utspraken oer it brûken fan it Frysk yn it offisiSle ferkear. Yn har gearkomste fan 27 septimber 1984 hat de gemeenteried dêrta in tal beliedsplannen formulearre. Grûn fan dizze beliedsfoarnimmens foarmje neist it oant no ta fiefde yndividuele belied fan bestjoerders en/as amtners: - de ûntwikkelingen yn oare gemeenten oangeande it brûken fan it Frysk yn it offisiSle ferkear; en - de winsk om, as trochbrekking fan it eardemeamde "ad-Hoc" belied, ek yn de gemeente Ljouwerteradiel in BELIED te ûnt- wikkeljen dat it Frysk oanbelanget. De praktyk wiist lykwols ut dat der op dit stuit yn begjinsel allinnich fan it bestjoerlik as ek it amtlik apperaat ut ynsidinteel en meastal ut eigener beweging in yndividualistyske ynfulling oan it brûken fan it Frysk jûn wurdt. Dizze ynfulling hat oer it generaal in suver persoanlik karakter. De beliedsfoarmen, ûnderskreaun troch de gemeenteried wiene: a. Ynkommen brieven en stikken yn it Frysk skreaun wurde ek yn it Frysk antwurde. b. De wurklisten fan de gemeenteriedsgearkomsten wurde yn it Frysk skreaun. c. Advertinsjes vn provinsiale blêden (èenammen oproppen foar sollisitanten; wvirde yn it Frysk skreaun. d. ïïtgeande brieven oan: - it provinsiaal be3tjoer; - desintralisearre rykstsjinsten; - fryske gemeentebestjoeren; en - ynwenners fan de eigen gemeente dêr't men fan oannimme mei dat hja it Frysk behearskje; wurde yn it Frysk skreaun. e. Ferslaggen fan de gemeenteriedsgearkomsten yn de Stienser Omroeper wurde, as it heal kin, yn it Frysk skreaun. f. Riedsstikken wurde, wannear't it net yn striid is mei de Wet, yn it Frysk skreaun. De punten a, b, c en e wurde op dit stuit (foar in part) ûtfierd. De oare punten (d en f) ûnderfine noch de nedige, foaral prak- tyske beswieren, omt mar in lyts tal amtners it Frysk aktyf behearsket - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 42