In grut part fan de ûnder a, b, c en e neamde oersetwurksum- heden wurde no noch utfierd troch ynhierde partikulieren. Neist it brûken fan it Frysk op 'e gemeentesiktarie wurdt it Frysk ek op oare beliedsmêden stimnlearre. In foarbyld dêrfan is bygelyks it ûnderwiis. Ek yn it ûnderwiis is it Frysk ynte- grearre. Dit docht û.o. bliken ut de konstatearring dat it Frysk yn it basisûnderwii3 yn de gemeente Ljouwerteradiel al in tal jierren diel ûtmakket fan it ferplichte takepakket fan dat basisûnderwiis. Fierders is der dan noch it troch de provinsse Fryslân utbrochte rapport "Fan geunst nei rjocht". Yn dit rapport wurdt omtinken jûn oan: - in wetlike regeling foar de posysje fan it Frysk yn it offisiële ferkear; en - in belied as wol in regeling oangeande de twataligens by it iepenbier bestjoer 3m de provinsse Fryslân. Al mei al in ûntwikkeling dy't tsjut op in positive oanpak fan it Frysk ut de provinsiale likegoed as ut de gemeentlike oerheid wei. In fraach dy't w6l daliks nei foaren komt is: "Yn hoefier moatte dizze ûntwikkelingen op lokaal nivo troch- fierd wurde". Beliedsmjittich sil dêrby, sjoen de meastentiids beheinde mooglikheden, ynhâldlik likegoed as finansieel, in kar dien wurde moatte. 3. Beliedsmooglikheden. Focir de (ynhâldlike) ynfulling fan in belied wat it stimulear^en fan it brûken fan it Frysk (yn it offisiSle ferkear) oanbelanget, hat de gemeente in twatal beliedsmooglikheden foarhannen: 1. Dûbeltaligensen 2. Twataligens. Neifolgjend in beskriuwing fan beide mooglikheden. Dûbeltallgens As it Nederlânsk yn algemiene, iepenbiere stikken brûkt wurdt, wurdt dêryn deselde tekst ek yn it Frysk opnommen. Oarsom jildt dit ek foar it Nederlânsk. It foardiel fan dûbeltaligens is dat aile lêzers fan-it skreaune op 'e hichte brocht wurde kinne. Men hat kar ut in Nederlânske en in Fryske ferzje. Dûbeltaligens hat lykwols ek dudlik neidielen. Dûbeltaligens freget in bulte ekstra ynspanning, tiid en papier. Dêrneist stiet dûbeltaligens it selsstannich brûken fan it Frysk yn it paad. In opsteller fan in dûbeltalich stik sil dit yn de measte gefallen earst yn it Nederlânsk skriuwe en hjirut wei in oersetting meitsje. In bulte lêzers sil dan ut maklikens it Nederlânske stik kieze en gjin war dwaan om it Fryske stik te lSzen. Dûbeltaligens hat sadwaande dudlik as neidiel dat it Frysk in twadde(hâns) taal bliuwt en yn begjinsel allinnich foar de foarm brûkt wurdt. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 43