Dûbeltaligens is in drompel tsjin in lykweardich brûken fan it Frysk foar it Nederlânsk oer. Twataligens Yn gefal fan twataligens krijt it Frysk lykas it Nederlânsk in selsstannich plak yn it offisiële ferkear. Dit betsjut dat oerheidsdokuminten, Ôfhinklik fan de sitewaasje, as regel as yn it Nederlânsk as yn it Frysk skreaun wurde. De eardemeamde neidielen fan dûbeltaligens jilde net foar twataligens. Yn gefal fan twataligens kin it Frysk him selsstannich ûntwikkelje sûnder mank te gean oan de by dûbeltaligens nedige ekstra yn- spannings. Fierders pleitet it foar twataligens dat it ek oan- slut by de hjoeddeiske taalsitewaasje op 'e gemeentesiktarie. Yn aile ûnderdielen fan de fryske mienskip kin en mei sprutsen wurde oer in yn de grûn oanwêzige twataligens. Yn begjinsel hâldt twataligens yn dat men frij is yn it kiezen fan de taal; de eardemeamde lykweardigens. Op grûn fan de eardemeamde ferliking tusken de twa belieds- mooglikheden dy't de gemeente ta har foldwaan hat, kin steld wurde dattwataligens it measte oanslut by de beliedsfyzje dy't in lykweardich brûken fan sawol it Frysk lykas it Nederlânsk yn it offisiSle ferkear oanbelanget. Twataligens slut hjir dudlik op oan. Dêmei hat de gemeente foar de ynfulling fan it twatalich taalbelied in tal altema- tLven ta har foldwaan. Alternativen dy't fariearje fan in saneamd "folgjend belied", (dat is in taalbelied dat ynspilet op dat dôr't ut 'e befolking wei ferlet fan is en wat hja winsket. Foarbylden hjiffan binne it yn it Frysk antwurdzjen fan ynkommen fryske brieven/stikken en it Frysk praten mei de frysktalige befolking) oant in folweaLrdich "Beliedsplan Frysk" wSryn 't in breed skale fan saken oan 'e oarder steld wurde kin. Foarbylden dêrfan binne û.o.: - in gemeentlik personielsbelied; en - twatalige/frysktalige plak- en strjitnammen. 4. Yntegraas.je fan it Frysk. Ut boppesteande docht bliken dat it Nederlânsk en it Frysk lykweardich wSze moatte (soene), mar dat dit yn de gemeente Ljouwerteradiel ynde praktyk noch net sa is. By it neistribjen fan dy lykweardigens sil it Frysk lykwols noch it nedige (ekstra) omtinken en stipe krije moatte. Konkludearre kin wurde dat it Frysk no noch net lykweardich is oan it Nederlânsk. Sa't earder al konstatearre is, is der op 'e gemeentesiktarie in efterstân yn it skriftlik Frysk-taalgebrûk fan it amtlik apperaat. Sil der lykwols sprake wSze fan ien as oare foarm fan belied dan sil earst dizze taalefterstân werom krongen wurde moatte. Foar it mûnling Frysk-taalgebrûk jildt dit neidiel net. Der kin steld wurde dat it mûnling taalgebrûk gjin swierrichheden opleveret. It amtlik apperaat is sa ynsteld dat it brûken fan it Frysk yn it mûnling ferkear, sawol oan 'e baalje as telefoanysk, gjin swierrichheden opleveret. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 44