De hjoeddeiske praktyk fan it skriftlik brûken fan it Prysk yn it offisiele ferkear is dat de ûtfiering dêrfan feitlik troch mar in pear minsken dien wurdt. Poar de bûtewacht liket it heechstwierskynlik moai dat bgl. ried3stikken (foar in part) yn it Prysk oanbean wurde, mar yn de praktyk is it amtlik apperaat hjiryn o sa kwetsber. Boppedat;it is gjin goede saak dat in belied lykas yn Prysk-taalbelied oan mar in (lyts) part fan it amtlik apperaat ferbûn is. Sâ sil it Prysk nea in lyk- weardige posysje njonken it Nederlânsk ynnimme kinne. It Prysk mei gjin klearebarre gemeentlike franje wurde. Boppesteande soe tefoaren kommen wurde troch it Prysk yn it hiele amtlike apperaat yntegrearje te litten. Yntegraasje ommers sil betsjutte dat it Prysk mear wurdt as allinnich wat franje oan it gemeentlik takepakket. Yntegraasje sil op'en doer liede moatte ta in mienskiplike ferantwurdlikheid binnen it hiele amtlike apperaat wat it brûken fan it Prysk oanbelanget. 5. R.jochtsbeskerming. Yn de boppesteande haadstikken waard sprutsen oer de lykwear- digens oangeande it Prysk en it Nederlânsk en it stribjen om it Prysk op lykweardige basis njonken it Nederlânsk te brûken by skriftlike korrespondinsje. Yn de praktyk lykwols sjogge wy dat de gelykberjochting fan beide talen net samar wier te meitsjen is. De gemeente sil by in tal saken gjin (al) te grutte stappen nimme kinne. Oan de iene kant is de behearsking fan it Prysk, en dan foaral de skriftlike behearsking. fan it amtlik apperaat, beheind, wylst oan de oare kant rekken hâlden wurde moat mei de rjochtsbe- skerming fan de boargers dy't it Prysk net as hast net 18ze en/of skriuwe kinne. Yn it neifolgjende sil dizze 18ste swier- richheid neier besjoen wurde. Stikken mei in .juridyske bets.iutting: De gemeente hat yn har stikken en publikaa.sjes geregeld de kar tusken it brûken fan it Nederlânsk en it Prysk. No bringt dizze kar net perfoarst swierrichheden mei as dêroer mar dûdlike ôfspraken makke wurde. It jout allinnich swierrich heden wannear't de stikken en/of publikaasjes d8r't it om giet in juridyske betsjutting hawwe en te krijen ha mei de rjochtsbeskerming fan persoanen. In foarbyld d8rfan is in adver- tinsje yn de krante dy't it moochlik makket om beswier(en) tsjin (in) bestimmingsplan(nen) yn te tsjinjen. Wiirde ditsoarte advertinsjes no allinnich mar yn it Prysk skreaun, dan soe in groep persoanen net oer har rjochten en plichten ynformearre wurde kinne, wêrtroch de wetlik fêstleine rjochtsbeskerming fan boargers gefaar rint, dan wol rinne kin. It is wol dudlik dat in gemeente yn sokke gefallen op har iepenst wêze moat. - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 45