Wet iepenbierheid fan best.ioer: Sa't artikel 2 fan de Wet iepenbierheid fan bestjoer seit, moat de gemeente algemiene ynformaasje oer har belied jaan en der noed fan stean dat dizze ynformaasje yn begryplike foarm jûn wurdt. Wat mei "begryplik" no krekt bedoeld wurdt is lyk- wols net dudlik. Wis is lykwols âl, dat dit net op it Frysk as sadanicb slacht. In tekst dy't yn it Frysk skreaun is, is perfoarst net minder begryplik as in nederlânske tekst. G-âns wis moat "begryplik" hjir lêzen wurde as "it berikke kinnen fan". Ut de jurisprudinsje fan de Wet iepenbierheid fan bestjoer kin rûchwei it folgjende konkludearre wurde: a. It freegjen om in oersetting fan in frysktalich stik moat sjoen wurde lykas it freegjen om ynformaasje sa't de Wet seit. Sa'n fersyk moat liede ta in beskikking op de wize fan de Wet A.R.O.B. It wegerjen fan it fersyk op grûn fan in ge- meentlik taalbelied is wol mooglik mar it fersyk kin net as "net ûntfanklik" ferklearre wurde. b. Wannear't net frege wurdt om in oersetting fan in konkreet stik mar om in oersetting fan stikken oer it generaal dan kin de gemeente beslute hjir har meiwurking net oan te ^aan en it fersyk "net ûntfanklik" ferklearje. It wegerings- utstel is no gjin beskikking mar utlis fan it gemeentlik taalbelied en as sadanich sûnder rjochtsgefolgen. c. Iepenbiere meidielings kinne lykwols likegoed yn it Neder- lânsk as yn it Frysk skreaun wurde. Yn it ûndersteande wurdt neier yngien op it jaan fan oersettings. It is dûdlik dat hjirby rekken hâlden wurdt mei de earder- neamde punten a °/m c. persettingp Oersettings binne in praktysk middel om in gemeentlik taal belied stâl te jaan. It leverjen fan in oersetting sil lykwols al in fÔ3tsteand doel tsjinje moatte. Sa'n doel is de rjochts- beskerming en op grûn dêrfan soe ûnderskied makke wurde moatte tusken "belangstellenden" en "belanghawwenden" Belangstellenden kinne net samar in oersetting krije. Har tal en de ferskate gradaas^es oangeande har belangstelling kin de gemeente ûneigenlik en ûnridlik belêste. Dit soe utrinne kinne op in wanferhâlding oangeande it wurk dat in oersetting meibringt en it doel dêrfan. Foar belanghawwenden leit dat oars. Belanghawwenden binne persoanen dy't direkt en persoanlik belang by eat hawwe. Hja hawwe belang by dûdlike "rjochtstreekse" ynformaasje. Ut boppesteande kin.konkludearre wurde dat de gemeente attint wêze moat by it jaan fan oersettings. Giet hja te fier dan giet har taalbelied de kant ût fan dûbeltaligens. - 6 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 46