6. "Aktyf" Erysk-taalgebrflk Sil de gemeente in (aktyf) Rrysk-taalgebrûk ûntwikkelje dan komt hja der net ûnder ut om, neist it mûnling brûken fan it Rrysk, ek mear Rrysk te skriuwen. Yn it foargeande waard lyk- wols oanjûn dat der oer de feardigens fan it skriuwen yn en it behearskjen fan it Rrysk b^ it amtlik apperaat oer it gene- raal noch net heech opjûn wurde kin. Oarsaak is in 3m it ferline minimale reewilligens fan it amtlik apperaat om in fryske kursus te folgjen en in Frysk-taalbelied by de gemeente Ljouwert- eradiel noch hieltyd net ûnderskreaun wurdt troch it grutste part fan it amtlik apperaat. Wylst de oare gemeentlike belieds- terreinen just freegje om "pure" spesialisten, sa giet it by in Frysk-taalbelied krekt om in grut arsenaal fan persoanen dy't njonken har eigen spesialisaasje(s) ek it Prysk aktyf behearskje. Oan benammen dizze lâste eask foldocht de hjoed- deiske personielsstruktuur net of net genâch. In (aktyf) Frysk- taalbelied sil dan ek net oars as stap foar stap en troch de wei fan in, sawol ynhâldlik as finansieel, reeel mooglik ynfieringsplan ta stân brocbt wurde kinne. Ut dizze konsta- tearring wei kin in oantal saken nei foaren brocht wurde dy't ûntdien fan de hjoeddeiske franje-gedachte, as grûnslach, resp. ûnderdiel foar/fan in gemeentlik taalbelied ts^inje kinne soene: a. Advertinsjes en dan benammen personielsadvertinsjes en meidielings yn provinsiale (dei)blêdenc b. Poarstellen oan de gemeenteried (de riedsstikken aile moannen) c. Wurklisten en ferslaggen fan kommisjegearkomsten. d. Reaksjes op yn it Prysk ynkommen brieven/stikken. 7. Omtinkens. It foarinoar oer setten fan de earderneamde saken hat de ûndersteande konkluzje ta gefolch: - De gemeente hat in tsjinjende taak en wol op grlîn dêrfan it taalgebrûk fan har boargers folgje. Twataligens hat hjirby de foarkâns. - De gemeente kiest neffens in folgjend belied. Rekken hâldend mei de persoanlike belangen fan de boargers sil der in aktyf Rrysk-taalbelied hantearre wurde. - De gemeente sil har meiwurking ferliene by it ta stân bringen fan de lykweardigens fan it Frysk njonken it Nederlânsk. Dërfoar sil hja it Frysk safolle mooglik yn har organisaasje yntegrearje. Foar de konkrete ynfulling fan it opsette taalbelied moatte tal fan saken lykwols earst noch neier utwurke wurde. Hjirby moat tocht wurde oan: a. de wenstige omfang fan in gemeentlik taalbelied (sa't al yn haadstik 3 steld waard binne hjirfoar ferskate mooglik- heden)en b. de finansiSle middels dy't foar in gemeentlik taalbelied foarhannen binne. - 7 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 47