Benammen it lêste sil mooglik in faktor wêze (kinne) dy't de trochslach jout. Utgeande fan de hjoeddeiske sitewaasje kin ommers steld wurde dat in gemeentlik taalbelied fan de grûn Ôf opboud wurde moat. De ynsidintele aktiviteiten dy't op dit stuit barre kinne, neier besjoen yn begjinsel as (bast) nihyl oan 'e kant skood wurde. As wy de eardemeamde beliedsmooglikheden foar inoar oer sette, kohkludearle wy dat it wenstich is it gemeentlik taal belied (foarearst) te beheinen ta in saneamd "folgjend taal belied" (sjoch baadstik 3); wêrby't wy by it "konkreet meitsjen" fan dit "folgjend belied" tinke oan: A. Prysktalige advertins.jes yn provinsiale (dei)blêden: Advertinsjes binne presintaasjes fan it gemeentlik taalbelied oan de bûtewacht. It is in goede saak dat advertinsjes yn benammen provinsiale (dei)blSden safolle mooglik yn it Prysk opsteld wurde. In utsûndering sil dêrby lykwols makke wurde moatte foar advertinsjes dy't slane op 'e rjochtsbeskerming fan natuurlike- en rjochtspersoanen (sjoch haadstik 5). Ditsoarte advertinsjes sil soartgelikens sa't steld is yn haadstik 5, yn it Neder- lânsk opsteld wurde. B B. Stikken foar de gemeenteried: Op dit stuit is it, op grûn fan it eardemeamde riedsutstel fan 27 septimber 1984, brûkme dat njonken de wurklist en it ferslaan aile moannen in trâje-/f jouwertal riedsutstellen yn it Prysk opsteld wurde. It is lykwols net in konkreet belied dat hjirfan de grÛnslach foarmet. It is faak in kar ut measten- tiids de ienfâldichste utstellen dy't de gemeenteried foarlein krije kin. It plan foar it njj opsette belied moat der op rjochte wêze dit "ad-hoc" belied te brekken en om te setten yn dudlike beliedsfoarnimmens dy't it brûken fan it Prysk by riedsutstellen oanbelangje. Middels in oergongstermyn fan sa'n 4-5 jier soe dêrfoar in dudlike beliedsfyzje uttocht wurde moatte. Utgongspunt dêrby soe wêze moatte dat besocht wurdt op koaate termyn in sa folslein mooglik oanbod fan frysktalige rieds utstellen oanbiede te kinnen. Nei de oergongstermyn sil yn begjinsel minimaal aile moannen de helte fan de riedsutstellen yn it Prysk skreaun wêze moatte. C. Wurklisten/ferslaggen fan kommis.iegearkomsten: Wurdt, lykas Ûnder B steld waard, by it opstellen fan de rieds- stikken dochs noch regelmjittich it Prysk as fiertaal hanteerre, by de rieds(advys)kommis;jes is dit likemêch nihyl. Utsein in inkelde utsûndering kin steld wurde dat dêr oer it generaal it Nederlânsk tapast wurdt. Wat keazen wurdt yn sa'n gefal hinget meastal 8f fan de taalbehearsking fan it sikta- riaat as de natulist(e) fan dizze kommisjes. - 8 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 48