Ek yn dit atik fan saken soe it ombûgjen nei de kant fan it taalgebrûk fan de gemeenteriedsgearkomsten oer omtinken hawwe Ek wat it opstellen fan de wurklist en it ferslaan fan de rieds(advys)kommis;jes oanbelanget, soe in twatalich taal- belied foarstien wurde kinne. In betingst dêrby is lykwols dat it kiezen hjirfoar wol de nedige finansiêle gefolgen meibringe sil. Yn likemôch aile gefallen sil in byoplieding fan it/de siktariaat as notulist(e) dat/dy't it oanbelanget nedich wêze en oars sil der in oersetting makke wurde moatte. D. Korrespondins.je mei de "bûtewacht" Oer it generaal besiket de gemeente op dit stuit de ynkommen fryske brieven en stikken ek yn it Erysk te antwurdzjen. Dit wurdt wol oanjûn mei de term "folgjend belied". Dêrby wurdt sjoen nei wat der ut de befolking "de bûtewacht" wei ynkomt: in passyf "folgjend belied". De gemeente kin lykwols ek as earste it foartou nimme ta it brûken fan it Erysk. Dan is der sprake fan in "aktyf "folgjend belied". Dat wol sizze dat de gemeente net altyd Sfwachtet wat der ynkomt, mar ek sels as earste it Erysk brûken giet. Wy tinke dêrby oan utgeande brieven/stikken oan persoanen en organisaasjes dêr't ridlikerwize fan oannommen wurde mei dat hja it Frysk folslein behearskje. Der kin steld wurde dat dit jildt foar de ûndersteande per soanen en organisaasjes - ferienings foar doarpsbelang (der binne altyd wol in pear bestjoersleden dy't it Erysk aktyf behearskje) - direksjes fan it ieuenbier basisûnderwiis en de bestjoeren fan it bysûnder basisûnderwiis (it Frysk heart ommers by de ferplichte fakken fan it basisûnderwiis yn Fryslân; vn de praktyk hoecht dit dêrom gjin swierrichheden te jaan) - de provinsse Fryslân; de oare fryske gemeenten ^el de wetter- skippen en de nutsbedriuwen yn Fryslân; en - boargers en organisaasjes dy't yn eardere korrespondinsje en/of kontakten mei de gemeente witte litten ha, of dêr't men wis fan is dat hja it Frysk aktyf behearskje. E. Foarl.jochting: It op 'e hichte bringen fan de befolking mei it gemeentlik belied dan wol gemeentlike saken. Middels in Sfstimde foar- ljochting kin men tal fan w^erstannen oangeande it brûken fan it Frysk (yntiids) tefoaren komme. In Frysk-taalbelied, like- folle hoe't it is, fynt baat by in goede foarljochting nei de befolking ta. Men soe kieze kinne foar in utgongspunt dat de gemeente yn eardemeamde gefallen de earste stap set dy't it brûken fan it Frysk oanbelanget. In aktyf "folgjend belied" lykwols betsjut dat it Frysk yn earderneamde kontakten yn begjinsel it primaat krijt. - 9 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 49