8. Beliedsfoarnimmens It earderneamde en de, nei oanlieding fan de gearkomste fan de Kommisje Algemiene Saken fan 2 july 1987, troch de rieds- fraksjes yntsjinne reaksjes op in earder opsteld ynformeel "praatstik" oer it brûken fan it Prysk yn it offisiSle ferkear njonken elkoai; kin sein wurde dat in beliedskar oangeande it brûken fan it Prysk yn begjinsel in finansiele kar wêze sil. Ofhinklik fan it foar it brûken fan it Prysk oanwêzige budzjet sil der in belied ûntwikkele wurde kinne dat fariearet fan (likemêch) nihyl oant in (tige) wiidweidich opset belied. In Prysk-taalbelied sûnder finansiSle middels kin op foarhân as in illus.je ôfdien wurde. Sûnder in struktureel) jierliks budzjet sil der net in taalbelied ûntwikkele wurde kinne. Op grûn fan de sifers fan de "Gemeentebegrutting 1988" en de "Mearjierrerûzing 1988"°/m 1991" miene wy stelle te moatten dat in gemeentlik taalbelied dus ek dudlik beheind wurde moat. It ûntbrekt oan de finansiele middels om in breed opset taal belied ûntwikkelje te kinnen. In breed opset taalbelied sil, sa't bliken docht ut in globale berekkening fan de kosten, op syn minst in strukturele oanslach fan f 50.000,- op de Gemeentebegrutting as gefolgen hawwe. Sawol op koarte as ek op langere termyn freget in wiidweidich taalbelied in finansieel offer lykas krekt neamd waard. DÔrneist sil der noch in budzjet kreearre wurde moatte foar de oersetwurksumheden troch partikulieren (benammen - jierren noch) en wer- en/of byopliedings "Frysk" foar it amtlik apperaat. Dit "oanfuljende" budzjet sil op syn minst in 5-tal jierren op fe "Gemeentebegrutting" ta utering komme moatte. Poar de kommende jierren kin dit budzjet sjoch de siden 11 en 12) op 10.000,- jiers rûze wurde. Hoe heech oft de bydrage op langere termyn wêze sil is Ôfhinklik fan de reewilligens fan de amtners om har it Frysk eigen te meitsjen. Lykas earder al steld waard sil in Frysk-taalbelied in mannich jierren yn beslach nimme. It gehiel moat opboud wurde en stâl krije. De ynset en reewilligens fan it amtlik apperaat binne hjirby ûnmisber. Der hinget ailes fan 8f. Op grûn fan boppesneamde konstatearring nimme wy dan ek it stânpunt yn dat in gemeentlik taalbelied him foarearst ta in saneamd "akt.yf "folgjend taalbelied" beheine moat, wêrby't as utgongspunt hantearre wurdt: 1. Ynkommen brieven/stikken yn it Frysk skreaun, wurde ek yn it Prysk antwurde. 2. Stribbe wurdt om sa optimaal as mooglik is it Prysk te brûken yn (ynterae) gemeentlike stikken. Poarbylden hjirfan binne: a. de wurklisten, utstellen en ferslaggen fan de gemeenterieds- gearkomsten; b. it riedsferslach aile moannen yn de Stienser Omroeper; en c. de wurklisten en ferslaggen fan de gearkomsten fan de riedsadvyskommisjes - 10 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 50