3. De gemeente kin as earste de stap sette ta it brûken fan it Frysk. Dat kin yn de korrespondinsje mei persoanen en orga- nisaasjes dêr't men wis fan is dat hja it Frysk aktyf be- hearskje. 4. Foar it utfieren fan de punten 1 °/m 3 sil it folgjen fan kursussen Frysk troch it amtlik apperaat safolle mooglik stimulearre wurde. De konkrete ynfulling fan de boppesteande punten (it utwurkjen fan in aktyf "folgjend belied"sil gjin al te grutte finansiële konsekwinsjes meibringe. Yn grutte halen kin men sizze dat it hjoeddeiske belied fuortset wurdt, alhoewol op in mear struk- turearre wize. Ut, benammen finansi§le oerwegings wei, tinkt us dat it oan- bringen fan in soarte fan struktuur yn it Frysk-taalbelied foarearst te dwaan is. Middels it earderneamde jierlikse budzjet fan f 10.000,- foar: a. It oanbieden fan kursussen Frysk oan it amtlik apperaat: f 3.750,- b. It oersetten fan brieven/stikken troch partikulieren: 230 oeren x 25,- de oere: 6.250,- binne wy fan betinken dat wy it earderneamde aktyf "folgjend belied" stâl jaan kinne. It fierder utwreidzjen fan in belied is neffens us, sjoen de (ekstra) finansiële konsekwinsjes dy't dit meibringt -sjoch boppesteand globaal oersjoch-, foareanst net winsklik/ferantwvirde. Nei us betinken foaxmje de earderneamde punten 1 o/m 4 de kommende jierren in re§le grûn foar in gemeentlik taalbelied. Us tinkt dat mei de earderneamde aktyf "folgjend belied" in konkrete en finansieel ferantwurde ynfulling oan it brûken fan it Frysk jûn wurde kin. Sa't al earder steld waard, is it utfieren fan in Frysk-taal- belied Ôfhinklik fan de ynset en de reewilligens fan it amtlik apperaat. Dat sil yn't foarste plak de nedige kennis fan it Frysk ha moatte en dan benammen fan it skriftlik taalgabrûk. Yn fèrbân hjirmei moatte de amtners yn'e gelegenheid steld wurde om op kosten fan de gemeente kursussen te folgjen. Hjirby kin û.o. tocht wurde oan de neifolgjende kursussen: - in kursus "Frysk yn it offisiSle ferkear"; - it Fryslân A-diploma; - it Fryslân B-diploma; en - de fryske Akte. It brûken fan it Frysk yn it offisiële ferkear freget in om- skeakeling fan it amtlik apperaat dy't net fan 'e iene dei op 'e oare wier te meitsjen is mar him stadichoan ûntwikkelje moatte sil. Wy tinke hjirby oan in tiidrek fan 4 oant 5 jier. Yn dat ljocht besjoen sil net daliks in protte minsken nocht hawwe oan it folgjen fan in kursus Frysk. Wy binn-e fan betinken dat in budzjet fan f 3.750,- jiers genôch wêze sil. - 11 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 51