Yn it oerlis mei de Kommisje Algemiene Saken is sprutsen oer it fieren fan in oanmoedigingsbelied. Sa'n belied soe bestean kinne ut it takennen fan in jierlikse taslach foar it heljen fan in diploma. Konkreet ha wy hjirby de neifolgjende diploma's foar eagen: - in kursus "Frysk yn it offisiële ferkear"f 100, - it Fryslân A-diploma: f 150, - it Pryslân B-diploma: f 200, - de fryske Akte: f 250, De kosten fan dizze regeling kinne globaal rûze wurde op f 2.500,jiers. Njonken de diploma-regeling is yn it earderneamde oerlis ek oer in soarte fan oanmoedigingspreemje foar it feitlik brûken fan it Prysk sprutsen, benammen foar de amtners dy't dit (min ofte mear) behearskje. By it hjoeddeiske amtlik apperaat giet dit om 6-10 persoanen. Dërfoar moat yn earstoan in bedrach fan sa'n 5.000,jiers rûze wurde. Wy stelle us foar, dat de solidêrens yn haadsaak socht wurde moat by dy amtners dy't feitlike nota's, advyzen en brieven skriuwe. Der is gjin oan- lieding foar us om oan te nimmen dat de persoanen dy't dit oanbelanget allinnich mar meiwurkje sille oan in Frysk taal- belied mits dêr in fergoeding tsjinoer stiet. Bywannear't Jo ried lykwols fan betinken is, dat sa'n gebeard âl in goed ding wêze sil, dan aille wy us dêr net tsjin ynsette. Yn dit gefal moat lykwols âl rekken hâlden wurde mei in akstra koste- pot fan op syn minst 5.000, It hjirboppe formulearre belied is mei it each op de kosten dy't dit meibringt sekuer Ôfwûgen. It fuortdaliks utfieren en/of in fierdergeand belied sil gâns mear kosten meibringe omt dan daliks de nedige kennis 3m hûs helle wurde moat of dermoat binnen it amtlik apperaat troch in pear minsken ekstra ynspannings levere wurde dy't skea dogge oan de oare wurk- sumheden. Pierders moat de kwaliteit fan it te brûken Prysk omtinken krije by de beskÔging. Needsaaklik dêrby is it tydlik oanlûken fan ekstra wurkkrôften. De kosten hjirfan sille oer de kommende jierren grif op syn minst op 50.000,jiers rûze wurde moatte. Wy binne fan betinken dat sa'n utjefte, sjoen yn it ramt fan de hjoeddeiske begruttingsposysje, net ferantwurde is. Poar de ynfiering fan it Frysk-taalbelied tinke wy, sa't earder al steld waard, oan in oergongs(proef)tiid fan 4-5 jier. Grûnslach hjirfoax is in ynfieringsplan. In amtlike wurkgroep sil dêrfoar de boustiennen oandrage om it Frysk yn it hiele amtlike apperaat yntegrearje te litten. Poar it fuortsetten fan it Prysk-taalbelied nei de oergongs(proef)tiid nimme wy ûs foar om it gehiel te evaluearjen. 9. Gearfetting. Gearfetsjend kin steld wurde dat it gemeentlik Prysk-taalbelied him de kommende jierren beheine sil ta in aktyf "folgjend belied". Op grûn fan de by haadstik 8 neamde utgongspunten sil dit aktyf "folgjend belied" him rjochtsje op: - 12 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 52