1. It yn it Frysk antwurdzjen fan yn it Frysk ynkommen brieven en/of stikken. 2. It brûken fan it Frysk yn (ynteme) gemeentlike stikken; a. de wurklisten, utstellen en ferslaggen fan de gemeente- riedsgearkomsten; b. It riedsferslach aile moannen yn 'e Stienser Omroeper; en c. Foarsafier't it mooglik is yn oerlis mei de siktariaten, de wurklisten en ferslaggen fan de gearkomsten fan de rieds(advys)kommisjes. 3. It brûken fan it Frysk yn korrespondinsje mei persoanen en organisaasjes dSr't mei wissichheid fan oannommen wurde kin dat hja it Frysk aktyf behearskje: - ferienings foar doarpsbelang; - de direksjes fan it iepanbier basisûnderwiis en de be- stjoeren fan it bysûnder basisûnderwiis; - de provinsse Fryslân, de oare fryske gemeenten en de wetterskippen en nutsbedriuwen yn Fryslân; - boargers en organisaasjes dy't yn eardere korrespondinsje en/of kontakten mei de gemeente witte litten ha, of dSr't mei wissichheid fan fêststiet, dat hja it Frysk aktyf behearskje. 4. It beskikber stellen fan in budzjet fan 10.000,foar a. it oanbieden fan kursussen "Frysk" oan it amtlik apperaat: f 3.750,- b. it oersetten fan brieven/stikken troch partikulieren: 250 oeren x f 25,de oere: f 6.250,- 5. It stimulearjen fan it Frysk by de amtners. It amtlik apperaat is de basis foar it konkreet meitsjen fan de punten 1 o/m 3. It amtlik apperaat sil stimulearre wurde om him safolle mooglik solidêr foar it gemeentlik taalbelied oer te ferklearjen. De amtners krije dêrta (sjoch by 4a) de mooglikheid ta it folgjen fan kursussen Frysk. De kosten foax dizze kursussen komme op rekken fan de gemeente. By wize fan stimulâns wurdt oan de amtners in diploma- taslach takend op grûn fan in "diploma-taslachregeling Frysk De grutte fan dizze diploma-taslaggen wurdt fêststeld op: - f 100,foar de kursus "Frysk yn it offisiSle ferkear"; - f 150,foar it Fryslân A-diploma; - f 200,foar it Fryslân B-diploma; en - f 250,foar de Akte Frysk. Hjirfoar in budzjet fan 2.500,jiers beskikber stelle. Foar de oergongs(proef)tiid sil foar de oersetwurksumheden noch in berop dien wurde (moatte) op partikulieren. Mei it konkreet meitsjen fan punt 5 sil dit berop op partikulieren stadichoan minderje kinne en sille de oersetwurksumheden troch it amtlik apperaat sels ynfuld wurde moatte. 6. In evaluaasje oer fjouwer/fiif jier aktyf "folgjend belied" yn 1992/1993.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 53