- 2 - 5Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens Sud—East (bouperselen oan de Gysbert Japicxstrjltte te Stiens) 88/57 2059 m. Sûnder diskusje en sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 6Utstel oangeande de bou fan wenten oan de Hegebuorren te Stiens 88/58 2063 m. De hear Teitsma is fan betinken dat in plan net genoch oerienkomt mei de besteande sitewaasje. Hy freget hjiroer noch ris mei de yntsjinners te praten. De hear Faber fynt it wol in goed plan. De hear Boersma is fan betinken, dat in plan net langer ophâlden wurde moat as nedich is. De hear Roorda is foar it utstel fan it kolleezje. Wethâlder van Ri.jn jout oan wat de wet foarskriuwt, benammen kêst 19, lid 3 en hokker ôfspraken der oer makke binne yn de ried. As de fraksje fan de PvdA beswieren hat tsjin de planologyske opset, moat se dat no witte litte en oanjaan hoe it dan wol moat. De hear Teitsma freget om in ûnderbrekking. Nei it op 'e nei iepenjen fan de gearkomste dielt hy mei dat it syn fraksje giet om de ynfolling fan it terrein. It docht blyken, dat derfoar gjin meistimmers binne. Syn fraksjeleden freegje harren ôf of mei it meitsjen fan beswieren troch gien wurde moat. Oer de ynfolling soe hy, lykas tasein is, graach noch ris prate yn de kommisje Iepenbiere Wurken. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel oangeande it feststellen fan in nije Algemiene Plysje Oardering 88/59 0105 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Eisenga, Boersma, Jansma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8. Utstel oangeande if feststellen fan in nije merk-oardering 88/60 0537 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 9. Utstel oangeande it ferlienen fan stânplak- en sutelfergunnings yn de gemeente Ljouwerteradiel 88/61 0598 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Roorda, Teitsma, - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 6