- 3 - Ketellapper, Boersma en de foarsitter. De hear Faber stelt ut om it Gnderdiel "frituurwaren" ta ien te beheinen en "bloemen en planten" der ut te litten. Dit utstel wurdt yn stimming brocht en mei 10-2 stimmen fersmiten. Tsjin binne de leden Boersma, van der Ende, Teitsma, mefrou Visser, Eisenga, mefrou Glas, van Rijn, Jansma, Ketellapper en Roorda. Foar de leden Faber en Dijkstra. 10. Utstel om in gearwurkingsferbân oan te gean mei it Gewestlik Arbeidsburo te Ljouwert 88/62 1138 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas, de hearen Dijkstra, Boersma, Roorda en wethâlder van Rijn. Tasein wurdt dat der earst in evaluaasje komme sil eardat utstelt wurdt jild beskikber te stellen. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 11Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de jierrekken fan it gemeentlik grûnbedriuw en de tsjinst sportsaken en de gemeentlike rekken oer it jier 1986. 88/63 1495 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Roorda, Eisenga en de foarsitter. De hear Roorda dielt mei dat der troch de kommisje fan ûndersyk fragen steld binne wer 't in skriftlik andert op ferwachte waard. Dat is net bard. Fjirder pleitet hy foar in skriftlik ferslach fan it ûndersyk troch de kommisje. Dat jout meer sicht op it wurk dat dyn is. De heer Eisenga zegt dat conséquent is uitgevoerd waar vorig jaar om is gevraagd. Daarvoor zijn complimenten. Overigens ondersteunt hij de suggesties van de vorige spreker. De foarsitter is fan betinken dat ferbettering altiid mooglik is. Wol moat de tiid yn 'e gaten halden wurde. As de rie in wat utgebreider ferslach ha wol, sil der as it heal kin oan foldien wurde. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 12Utstel oangeande it oankeapjen fan in stik grûn fan de fam. Rienks te Aide Leye 88/64 1750 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 13. Utstel oangeande oerdracht fan taken oan de nije Regio Noard Fryslân 88/65 1769 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Jansma, Roorda en - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 7