24 LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Wurklistnû: 24. Utstelnû: 88/ 107. Stiens, 20 septimber 1988 Underwerp Fyftich - jierrich jubileum Fryske Akademy Oan de gemeenteried 10 Septimber 1.1. hat de Fryske Akademy har fyftich-jierrich jubileum fierd; in mylpeal dy't der, neffens de Feriening fan Fryske Gemeenten, net sûnder omtinken bij troch reitsje mei. De F.F.G. wiist yn dit ramt op it wichtige plak dat de Akademy yn'e rin fan de jierren net allinnich yn de fryske maatskippy oer't generaal mar ek yn it gemeentlik belied ynnommen hat. De Fryske Akademy hat har altyd manifesteard as in dudlik gemeentlik ad- vysorgaan. De F.F.G. slacht by it skriuwen fan 21 july 1988 foar om it jubileum fan de Akademy glans te jaan en derta ut gemeenterûnte wei in presint oan te bieden. Dit as wurdearring foar de aktiviteiten fan de Akademy foar, benammen, de fryske gemeenten. Oerlis tusken F.F.G. en de Fryske Akademy hat der ta laat dat de foarkar foar dit presint fait op in keunstwurk. De gemeenten wurdt dêrfoar ienkear in bydrage fan f 0,025 de ynwenner frege Sjoen us relaasje mei de Fryske Akademy binne wy fan betinken it boppe- steande fersyk fan de F.F.G. posityf oer stean te moatten en wy slane jimme dêrom foar om op lest fan de post "Unfoarsjoene utjeften foar doelen dy't mar ienkear foarkomme" ienkear in bydrage fan 230,(9.200 ynwenners x 0,025) beskikber te stellen foar in jubileumpresint fan de fryske gemeen ten foar it fyftich-j ierrich jubileum fan de Fryske Akademy. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, T.P. VAN DEUTEKOM H. BOSCHMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 121