LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Belutelist fan de riedsgearkomste op 21 july 1988. Oanwêzich: frou M. Glas, de hearen J. Eisenga, 0. Faber, A. Dijkstra, H.A.J. Boersma, J. v.d. Ende, E. Roorda, R.A. Ketellapper, S. Jansma en de wethâlders J.G. van Râjn en W. Visser. Ofwêzich: frou G. Visser en de hear J. Teitsma (beide mei berjocht fan behindering) Foarsitterde hear H. Boschma. Siktarisde hear T.P. van Deutekom. Bân I - 0000 m. -o-o-o-o-o-o-o- 1It fêststellen fan de beslutelist fan de riedsgearkomste op 23 .iuny 1988. Op side 2 moat by de reaksje fan frou Visser de sin "Neffens har it Nederlânsk" feroare wurde yn: "Neffens har nimt it grutste part fan de befolking in nederlânsktalich belied foar kar". Op side 3 moat by de reaksje fan de hear Roorda "Erysk" yn de twadde sin ferfongen wurde troch "Nederlânsk". Op side 7 moat by de stimming oer it utstel by de stimferklearring oer in ûndersyk ûnder de befolking de namme fan frou Glas feroare wurde yn frou Visser. Op side 8 moat by de reaksje fan de hear Boersma "wurkleasheids- bestriding" feroare wurde yn "wurkleazens" Eierders wurdt de beslutelist fêststeld sûnder wizigings. 2. Ynkommen stikken. 88/77 0240 m. Dêr wurdt oer sprutsen troch de hear Eaber (Il-e), de hear Eisenga (Ill-c) en de wethâlders van Rijn en Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt besluten neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders. 3. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan bûtegebiet (it bouwen fan in benzinestas.jon en in deirestaurant oan'e Brédyk yn Jelsum). 88/78 0485 m. De hear Eaber seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it utstel. Wol freget er him 5f oft de "spotters" ûnder de gemeentlike taak- stelling falle. Neffens him is dit mear in taak fan de provinsse. Fierders soe de hear Faber graach witte wolle wannear't de nije dyk der no einlings komt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 5